De dingen dy’t duorje
It wie op it stasjon fan Snits. Ik hie op besite west by kollega Cornelis van der Wal. Foar in lang petear dat foar in grut part gie oer de poxebzij yn frl. De loft boppe it stasjon hie prachtige kleuren. Dingen dy't duorjend binne, komme altyd werom. Lykas kleuren dy't tusken hjerst en winter ynsitte. En hoe sit dat eins mei de poxebzij, tocht ik, hoe kin dy duorje. De bus jakkere it byld fan omke Gysbert J. foarby. Stien is moai fansels, mar it seit neat. Fierderop kaam de skyline fan Harns yn it sicht. De sinne skynde krekt op it jiskefabryk. Fabriken kinne ek moai wxeaze fansels, mar de jiske bliuwt stjonken. Dizze stjonkfabryk wurdt net duorsum. Mar wat duorret dan wol. De stim. Dy't xe2lde poxebzij libje lit. Dy't seit dat in stjonkfabryk gjin takomst is.
